Libbenshûs
… In hûs boud op in stevich fûnemint dat net ynstort by swier waar.… In hûs mei muorren dyt je stypje en omearmje mei waarmte.
… In hûs mei in dak boppe je holle dat je beskermt en de sinnestrielen opfangt.
… In hûs boud mei dreamen, tinken, doare, dwaan en trochsette.
… In hûs fol mei in waarm hert.
... In hûs mei in boardsje Wolkom derop.
… In hûs mei in tafel om te prate en in hok om net te hoeven prate.
… In hûs mei in bêd om te frijen en in bank om neist elkoar te sitte.
… In hûs mei in flaggestok en in skûldoek foar de triennen.
… In hûs dat soms stevich ferboud wurdt mar oerein stean bliuwt
… In hûs mei fûnaminten dy sûnder wryt of slyt binne.
… In hûs wêr de minsken mei elkoar fergroeit binne.
… In hûs dat wiis mei my is sa as ik bin.
… In hûs dat in wier Thús wurdt wêrs altyd thús komme kinst.
Mooi gedicht? Klik op het hartje — je like komt meteen bij je likes te staan.